Skouder oan skouder
Asto mei dyn holle fiele kist
En mei dyn hert tinke
Dan is thús wêr dien hert is
En kinsto dysels weze wêrsto bist
Dan kin der neat fout gean
Allinne oars dan ferwachte
Dan kinsto tegearre dûnsje en boartsje
Jimme wei fine en yn it ljocht stean
Yn de tradysje fan jim âlders
Gean jim fierder, skouder oan skouder
En meitsje jimme bûtengewoan resultaat
En fiere it libben!