Oan ‘e iege fan in stream
Oan de tafel fan it boerdspul
Binne de rigels rjochting jouwend
Foar in kuier dêr’t amper
Fan baande paden ôfwykt wurdt
In skynber oardlik libben
Oant ik dy moete en
Do my de skatten
Fan it libben sjen lietst
Ferburgen yn de natuer
Ûntstiet ús kreativiteit
En fine wy harmony
By in lykspul.
Oan de ige fan in stream
Sette wy ús tinte op
Laavje wy ús oan ljocht en helderens
en fiere it libben.