Neat leafer as dat

Geplaatst op Geupdate op

Sels op bleate fuotten
rin ik mei dei troch it dúnsân
As freonen troch dik en tin
meitsje wy in libben fol oantinkens

ik wol neist dy stean
tegearre aventoeren belibje
en tradysjes meitsje
om foar altyd bliid thús te kommen

Mei de leafde foar elkoar
Kies ik dy, elke dei mear
Do en ik jouwe betsjutting oan it libben
Neat leafer as dat!