Oan de boarne fan harren bestean

Hy wie der al foar har
Se moast him gewoan fine
Se wie der al foar him
Hy moast har gewoan stean sjen

Doe’t sy elkoar moetsje
Gongen se de boer op
Se ûntdutsen de grutte fan har wrâlden
Sa bekend en dochs in aventoer

Mei harren leafde foar it libben
Foar alles wat groeit, rûzet en kakket
Foar ’t moarns read
Oant de sinneûndergong

Se learden elkoars aard
En omearme de ierde
Wylst de himel boppe harren iepene
Oan ‘e boarne fan harren bestean.