Sûnder ja, nee en amen

Wy wisten it al gau
Dit sil net brekke
Dêrom bin ik gelyk bleaun
En ‘mei-inoar wêze’ waard ús doel


Mar wa docht hjoed de wask
It leit ús net swier op ‘e mage
Hy foar syn wurk en foar it jild
Ik thús yn ‘e saaie mominten


Want wy wolle it libben fiere
Hurd wurkje en fakânsje hâlde
Langût op it strân
Swalkje oer de merk, hân yn hân


Wy litte it net ien fan ús oplizze
Mar regelje en beprate
Sûnder ja, nee of amen
Bouwe wy fierder op ús ‘tegearre
‘.