Abe Lenstra Stadion

It sil heve!

Geplaatst op Geupdate op

De Aftrap

Adriana Reitsma en Gaatze de Graaf boaskje freed op in plak dêr’t noch nea in stel troud is: op de middenstip fan it Abe Lenstrastadion. Se binne supporter fan SC Hearrenfean en wolle graach op de middenstip trouwe. Stadionspeaker Jouke de Vries sil in rol spylje by de trouwerij. Hy is sûnt koart beëdige as bûtengewoan amtner fan boargerlike stân, en sil oer de lûdsynstallaasje fan it stadion de troubelofte ôfnimme. Foar De Vries is it ek in bysûnder momint: it is it earste houlik dêr’t er op dy manier by belutsen is.

Video Clip

Bron: Omrop Fryslân Radio | 29 maaie, 2015 – 07:53