wêr’t ûs takomst leit.

as wy ús holle bedobje
yn ‘e waan fan ‘e dei
giet de tiid flugger
as ús holle ús bringe kin


lit ús stilstean by wat der is
dêr’t wy romte yn ús hert belibje
soms skowe wy mei de bank
en fertsjinje ús muorren omtinken


dan fine wy harmony
kleuren komplementearje inoar
it ljocht krijt in kâns en
de seizoenen streame yn inoar


wy iepenje ûs foar elkoar
fyne romte, lykwicht en fertrouwen
en wy realisearje dat ús lok is
wêr’t ûs takomst leit.

Muziek | Bliuw by my – Grytz & Grize